Searje 36 is dé metoade foar it fak Frysk yn it foartset ûnderwiis.
In komplete metoade mei in trochgeande learline fan klasse 1 oant en mei de eksamenklassen.
Foar klasse 1 bestiet de metoade ût 36 lessen, ferdield yn 6 tema's. De learlingen wurkje op tablet of kompjûter oan lêsbegryp, skriuw-, hark en sjochfeardigens. De tema's sitte grôtfol ferhalen, gedichten, filmkes en spultsjes en in tematoets. De lessen binne digitaal en ynteractyf. De lesserige klasse is der foar vmbo en havo/vwo.
Foar de hegere klassen binnen der trije wurkfoarmen te finen yn Searje 36. Dêryn stean net allinich kwalifikaasje mar ek sosjalisaasje en subjektifikaasje(persoansfoarming) sintraal.
Doch! stiet foar nijsgjirrige projekten dy't keppele binne oan leardoelen yn alle fiif taaldomeinen. Dêrneist binne geawurking en kreativiteit wichtich en wurdt der ta wurke nei in einprodukt.
By Lear! wurkje de learlingen oan harren yndividuele taalfearddigens, lykas stavering en grammatika, mar ek taaleigen en eksamentrening in plak.
Foar de twadde faze is Undersykje! makke. Learlingen ferdjipje harren yn de Fryke taal, kultuer en skiednis om harren ûndersyksfeardichheden te oefenjen
Info voor de leerkrachtalle klassen fuorset ûnderwiis